'Sline yn it ferline' tsjin ûnderfieding by âlderein

Yn it Doniahiem yn Sint-Nyk is moandei in boek presintearre mei resepten fan mielen út eardere tiden. It boek draacht de titel 'Sline yn it ferline' en is bedoeld as help by it foarkommen fan ûnderfieding. By de resepten is rekken hâlden mei de feroarjende en ôfnimmende smaak fan âldere minsken. De oanpaste reseptuer moat der foar soargje, dat se it iten wer like lekker fine as eartiids.
Sa'n 25 persint fan de âldere minsken dy't noch op harren sels wenje, hat te krijen mei ûnderfieding, sizze de inisjatyfnimmers fan it boek, Douwkje Douwma fan de Afûk en Herma Kooke fan Zorgbelang Fryslân. Eddie Hilarius, hoofd Voeding yn it Doniahiem, hat de resepten foar it grutste part makke.