Famylje Everts dupearre troch stellerij en fernielingen

07 maaie 2018 - 22:45

De draaimûne en de sjittinte fan de famylje Everts út Kollumersweach hawwe it ôfrûne wykein it doel west fan stellerij en fernielingen. Ut de sjittinte waarden trije gewearen en in grut tal kûgels stellen. Fan de draaimûne waard it elektryske oandriuwmeganisme fernield. De attraksjes stiene yn de Grinzer wyk De Hoogte, in plak dêr't de famylje al jierren komt. Wa't de dieders binne, is noch net bekend. De totale skea bedraacht sa'n 6000 euro.

Heit en soan Sjoerd en Sjors Everts en Roelie, de frou fan Sjoerd, kinne der net oer út wêrom't minsken dit dogge. De draaimûne wie in fergeze attraksje foar de bern út de wyk. Der is neat út de mûne stellen. De stellen gewearen binne bysûndere eksimplaren, dy't wol wer te krijen binne, mar se kinne net earder levere wurde as takom hjerst. De sjittinte kin wol fierder draaie mei de gewearen dy't der noch binne. Sjors, dy't eigener is fan de draaimûne, hopet dat hy nei in reparaasje freed wer draaie kin.

De famylje is mar foar in lyts part fersekere foar de skea. Foar de tip oer de dieders hawwe se in beleanning útloofd fan 250 euro.

(advertinsje)