Bouwmeester stiet sechsde nei earste dei EK Laser Radial

07 maaie 2018 - 22:36

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei de earste dei fan it EK Laser Radial sechsde. Se kaam moandei as tredde en njoggende oer de einstreek foar de kust fan it Frânske La Rochelle. Oan de Europeeske titelstriid dogge goed hûndert Laser Radial-sylsters mei. It EK duorret oant en mei sneon. Maxime Jonker stiet earste. Sy wûn beide races. Mirthe Akkerman út Akkrum einige yn de middenmoat en stiet op it 42e plak.

Olympysk kampioene Bouwmeester wûn ferline jier it Europeesk kampioenskip yn Barcelona en hopet har titel no te prolongearjen. Yn april wûn se noch de wrâldbeker yn Hyeres.

(advertinsje)
(advertinsje)