Mearderheid ried Weststellingwerf wol rommer bernepardon

07 maaie 2018 - 22:24

In mearderheid fan de gemeenteried fan Weststellingwerf wol dat der in rommer bernepardon komt. Yn de riedsgearkomste moandeitejûn waard hjiroer in moasje fan GrienLinks oannaam. De partij fynt it tige wichtich dat bern dy't langer as fiif jier yn Nederlân binne, hjir bliuwe meie.

It thús fan dizze bern leit yn Nederlân, fynt GroenLinks. CDA, D66, SDW en Weststellingwerfs Belang stipen de moasje. Dat gie net op foar de VVD en Blijf Stellingwarfs. Dy partijen neamden de moasje "in sinjaal foar de bühne".

(advertinsje)