Eigeners Theehuis Grou: "We hawwe der wer sin oan"

07 maaie 2018 - 22:59

It Theehuis yn Grou is sûnt dit wykein wer iepen. It nije ûnderkommen is fan binnen sa goed as klear. Bûtenom moat noch in tal saken ôfmakke wurde. Mar dat sil ek net lang mear duorje, sizze de eigeners Timo Slump en Marieke Warmedam. Fanwegen it moaie waar is der gjin sprake fan in rêstige start. De minsken streame massaal ta en ek de kommende dagen wurdt in soad drokte ferwachte.

Goed in jier lyn brânde it Theehuis oant de grûn ta ôf, ynklusyf it hûs fan de eigeners. Op Keningsdei ferline jier waard in tydlik ûnderkommen yn gebrûk naam oan de steger achter it Theehuis. Dat stiet no leech en wurdt letter opromme.

Neffens Slump en Warmerdam hawwe se in dreech jier achter de rêch, sawol emosjoneel as finansjeel. "We moatte hielendal op 'e nij begjinne", seit Slump. "Mar dat jout neat. We hawwe der wer sin oan."

Trefwurden: 
Theehuis Grou
(advertinsje)
(advertinsje)