Provinsje stelt sân ton subsydzje beskikber foar bedriuwen

07 maaie 2018 - 21:39

Undernimmers dy't mei harren bedriuw nei Fryslân komme wolle en Fryske bedriuwen dy't útwreidzje wolle mei nije aktiviteiten, kinne hjirfoar subsydzje oanfreegje. De provinsje stelt hjirfoar hast sân ton beskikber. De maatregel is bedoeld om de Fryske ekonomy te stimulearjen en ekstra wurkgelegenheid te kreëarjen. De regeling rint oant en mei ein takom jier.

As in bedriuw wat nijs opset en dêrmei op syn minst tsien ekstra wurkplakken realisearret, kin it subsydzje oanfreegje. Dat jildt ek foar ûndernimmers dy't yn Fryslân in nij produkt ûntwikkelje wolle foar in nije merk en dêrmei ek tsien of mear wurkplakken wit te berikken.

(advertinsje)
(advertinsje)