"Miljoenetekoart De Fryske Marren net ferswijd foar ried"

Der is gjin sprake fan dat boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren it miljoenetekoart op it sosjaal domein ferswijd hawwe foar de gemeenteried. Dat sei wethâlder Frans Veltman (CDA) moandeitejûn yn It Polytburo.
Neffens de opposysje ha B en W it grutte tekoart mei opsetsin oer de ferkiezingen hinne tild, om sa foar te kommen dat de kolleezjepartijen stimmen ferlieze soenen. Neffens Veltman wie de omfang fan it tekoart pas letter bekend.