Jong Cambuur wint beker foar belofteteams

07 maaie 2018 - 21:04
  • Trainer Dennis van der Ree
  • Doelman Pieter Bos
  • Rutger Etten

Jong Cambuur hat moandeitejûn de beker foar belofteteams wûn. Yn en tsjin Zwolle wie de ploech fan trainer Dennis van der Ree mei 3-1 te sterk foar de thúsploech. Cambuur like de oerwinning nei de earste helte al yn 'e bûse te hawwen troch doelpunten fan Boutzamar en Narsingh. Troch it missen fan ferskate kânsen koe Jong PEC Zwolle yn de 72e minút weromkomme yn de wedstriid troch in doelpunt fan Benschop. Yn de slotsekonden makke Jong Cambuur dien wurk troch in doelpunt fan Schols.

Grutte ôfwêzige by de wedstriid wie it fuotbalbûn KNVB en dêrtroch wie de beker net yn Zwolle. Dy kaam dus ek net yn it besit fan Cambuur. 

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)