Primeur: sensoaren út Burgum

19 jun 2012 - 12:14

Yngenieursburo Interay Solutions BV út Burgum hat in wrâldprimeur mei de útfining fan sensoaren dy't boumateriaal foar fleantugen en raketten kontrolearje kinne. De fleantúchyndustry hat waarme belangstelling foar it high tech produkt, dat breed ynset wurde kin.

De sensoaren kinne brûkt wurde foar it kontrolearjen fan karbon foar fleantúchlûkjes. Dat materiaal komt út Amearika en moat goed kontrolearre wurde. Dat bart no noch mei de hân. De Burgumer sensoaren kinne dat better en goedkeaper.

As it oan de produksje ta is, wurde de sensoaren ek yn Burgum makke en dat bestjut dat der mear minsken oannommen wurde sille by Interay Solutions.

(advertinsje)