Sykaksje yn fiver op It Hearrenfean smyt neat op

07 maaie 2018 - 20:06

Brânwachtminsken ha moandei oan de ein fan de middei in fiver op It Hearrenfean ôfsocht omdat der mooglik in berntsje yn it wetter rekke wie. Der waard alarm slein, omdat der oan de râne fan de fiver in lytse trijetsjiller stie. De brânwacht fan It Hearrenfean, it oerflakterêdingsteam Wolvegea en dûkers út Ljouwert ha hast in oere oan it sykjen west, mar ha net ien fûn. Tsjin healwei sânen waard de sykaksje stopset.

Trefwurden: 
sykaksje It Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)