Fertochte boatûngelok De Lemmer brocht slachtoffers oan wâl

07 maaie 2018 - 19:52

De bestjoerder fan de speedboat, dy't sneintejûn let belutsen wie by in slim ûngelok op De Brekken by De Lemmer, hat earst de swier ferwûne slachtoffers nei de wâl brocht en is dêrnei útnaaid. Dat meldt de plysje. De 19-jierrige man fan De Lemmer fear mei de speedboat oer in rubberboatsje hinne, mei dêryn in 16-jierrich famke út de Noardeastpolder en in 16-jierrige jonge fan De Lemmer.

De fertochte koe mei help fan tsjûgen achterhelle wurde. Hy is yntusken wer frijlitten. De slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok, en sjocht ek oft de fertochte ûnder ynfloed wie doe't it ûngelok barde.

Trefwurden: 
ûngelok De Brekken De Lemmer
(advertinsje)