Europeeske kultuerkommisje skrast wurkbesite nei Ljouwert

07 maaie 2018 - 17:27

De kultuerkommisje fan it Europeesk Parlemint hat in wurkbesite oan kulturele haadstêd Ljouwert ôfsein. De kommisje soe moandei en tiisdei op wurkbesite komme yn Ljouwert. Dy besite is lykwols skrast, omdat der te min belangstelling foar wie. Omdat mar twa Europarlemintariërs har opjûn hiene foar de offisjele besite oan de Kulturele Haadstêd, hie foarsitter Petra Kammerevert fan de kultuerkommisje gjin oare kar as de besite ôf te blazen.

"Ik fyn it hiel spitich dat ik no net yn Ljouwert bin, mar sa'n wurkbesite giet allinnich troch as der foldwaande dielnimmers binne. Ik hie mar twa garandearre tasizzingen en in pear mei in fraachteken. Ik fûn in reis nei Ljouwert mei twa Europarlemintariërs te pynlik en dêrom haw ik de besite oan Ljouwert ôfsizze moatten. It is absolút gjin gebrek oan belangstelling, it is gewoan sa dat der in hiel soad wurkbesiten binne dizze wike. Europarlemintariërs moatte dan kieze. As de groep te lyts wurdt giet sa'n besite net troch."

Tradysje

It is tradysje dat de kultuerkommisje alle jierren by beide kulturele haadstêden op besite komt. Sterker noch: it is oant no ta noch net bard, dat in kulturele haadstêd gjin kultuerkommisje fan it Europeesk Parlemint oer de flier krijt. De kommisje wie yn febrewaris al op besite oan Valletta 2018, mar foar de besite oan Ljouwert is noch gjin datum fûn, seit de Dútse Europarlemintariër Petra Kammerevert: "Ik moat tajaan dat it net maklik is om in nije datum te finen, as ik sjoch nei de folle aginda fan it parlemint. Ik bin dan ek bang dat it in toer wurdt. We sille it besykje, mar ik kin op dit stuit noch net tasizze dat it ús ek slagget om mei in offisjele delegaasje fan it Europeesk Parlemint nei Ljouwert te kommen."

Stichting Ljouwert-Fryslân 2018 is teloarsteld oer it net trochgean fan de besite. De kulturele haadstêd hat hjir pas ferline wike in brief oer krigen fan de Europeeske Kommisje. Oeds Westerhof fan LF2018 sil de Kommisje om opheldering freegje en ek syn best dwaan om in nije datum te finen foar de wurkbesite. Neffens Westerhof lei it inisjatyf foar de wurkbesite ek by de Europeeske Kommisje.

Grut oanbod

Offisjele wurkbesiten fan it Europeesk Parlemint wurde yn prinsipe allinnich mar hâlden yn de saneamde 'griene wiken', as der gjin plenêre gearkomsten en oare wichtige ferplichtingen binne yn it Europeesk parlemint. Dizze wike is it oanbod grut: der binne wurkbesiten oan Sina, Italië, Oeganda en Georgië. Jan Huitema wie as Frysk Europarlemintariër ek útnûge om mei te gean nei LF2018, mar hie al tasein om mei de lânboukommisje nei Finlân te gean. Huitema lei moandeitemiddei in wurkbesite ôf oan in rindierhâlderij. De útnûging om mei te gean nei Ljouwert kaam foar him te let.

Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP neamt it yn in earste reaksje 'bysûnder spitich' dat de kultuerkommisje noch net nei Ljouwert komt. Posthumus wist net fan de plande wurkbesite op 7 en 8 maaie. As hy dat witten hie, hie er him graach ynspand, om de Europarlemintariërs fan de Europeeske Frije Alliânsje oer te heljen nei Ljouwert te kommen. Ek Steatelid Hetty Janssen fan de PvdA jout yn in earste reaksje oan dat se net op 'e hichte wie fan de plande wurkbesite.

Lobby

Posthumus fynt dat Kulturele Haadstêd en de provinsje Fryslân har ynspanne moatte om der foar te soargjen dat der letter dit jier noch wol in wurkbesite komt. LF2018 en ek de provinsje moatte dêrby foaral ek de politike partijen by ynskeakelje, sadat dy 'lâns de partijlijn' lobbye kinne foar Ljouwert-Fryslân 2018.

Foarsitter Petra Kammerevert fan de kultuerkommisje fertelt dat se noch nea yn Ljouwert west hat. As kultuerleafhawster wol se graach in kear komme, byneed op persoanlike titel. In spektakel as 'De Stormruiter', basearre op it ferneamde Dútse boek 'Der Schimmelreiter', soe se graach sjen wolle.

(advertinsje)
(advertinsje)