FIDEO: Fonteinen pleatst yn Snits, Boalsert en Frjentsjer

07 maaie 2018 - 17:27

Trije fonteinen fan it Kulturele Haadstêd-projekt 11Fountains binne moandei pleatst yn Snits, Boalsert en Frjentsjer. It byld fan Snits, in man op in gouden bal mei de 'hoorn des overvloeds' yn hannen, makke troch de Dútske keunstner Stephan Balkenhol, wie foarige wike ek al yn it wetter by de Wetterpoarte delset, mar de keunstner fûn it byld te heech op 'e sokkel stean. It byld waard dêrom in stik ynkoarte en stiet no neffens plan.

By de Broeretsjerke yn Boalsert is in stânbyld delset fan in flearmûs fan de Flaamske keunstner Johan Creten. Letter dizze wike wurde ek de fonteinen yn Starum en Hylpen pleatst. 18 maaie is dan de offisjele iepening fan alle fonteinen, útsein dy fan Dokkum, dêr't it byld net op 'e tiid pleatst wurde kin.

(advertinsje)