Cambuur en Hemmen hast akkoart

19 jun 2012 - 11:47

Sportklup Cambuur is ticht by it oanlûken fan Michiel Hemmen. De oanfaller hat tiisdei noch in petear mei de Ljouwerters en moat ek noch medysk keurd wurde. Hemmen komt oer fan it Belgyske Westerlo. Dêrfoar spile hy ek foar Volendam, Emmen en AGOVV. By de klup út Apeldoorn bruts hy troch mei 20 goals yn ien seizoen.

Oan de oare kant rekket Cambuur mooglik twa spilers kwyt. Foar Wout Droste en Mark Diemers is serieuze ynteresse út de earedivyzje. Droste hat noch in kontrakt foar in jier yn Ljouwert, Diemers hat noch in kontrakt foar twa jier.

Trefwurden: 
SC Cambuur Michiel Hemmen
(advertinsje)