'Buurauto's' foar elektrysk ride yn Fryslân

© Elfwegentocht
Trije elektryske 'buurauto's' ride der sûnt moandei yn Fryslân om. Se wurde yn it ramt fan de Elfwegentocht ynset by duorsume Fryske organisaasjes. Oant mids july ferhúzje de auto's alle twa wiken nei in folgjend doarp. Sa kinne neffens de inisjatyfnimmers hûnderten minsken yn 'e kunde komme mei it elektrysk riden en it dielen fan auto's.
De Elfwegentocht is de earste twa wiken fan july. Doel is om safolle mooglik Friezen twa wiken lang fossylfrij reizgje te litten. De auto's steane de kommende wiken yn Garyp en Ljouwert. Se binne fan Buurauto, dat it elektrysk riden en auto dielen stimulearje wol.