See-earn berne yn nasjonaal park de Alde Feanen

Der is in see-earn út it aai krûpt yn nasjonaal park de Alde Feanen. Dat is foar it twadde jier efterelkoar. Itselde see-earnepear as ferline jier wie werom kaam om te nesteljen. Mar dat barde yn it âlde nêst fan in hauk. Dy is doe mar op it âlde nêst fan de see-earn krûpt.
De rôffûgels hiene geregeld spul, mar úteinlik waard it wer rêstich en is der dus in jong út in aai kaam. It kin wêze dat der mear jongen binne, mar It Fryske Gea kin dat noch net sizze, omdat dy de fûgels mei rêst litte wol. De meiwurkers sjogge fan grutte ôfstân nei it nêst.