Dealer oppakt yn Aldehaske

19 jun 2012 - 11:40

Yn ferbân mei in ûndersyk nei hannel yn harddrugs is ein ôfrûne wike in ynwenner (20) fan Aldehaske oanholden. De man wurdt fertocht fan hannel yn XTC, GHB en speed oer in perioade fan in jier. By de oanhâlding trof de plysje by de fertochte thús ferskate drugs en in bedrach oan kontant jild oan.

It ûndersyk nei de man rûn al sûnt begjin dit jier. Hy is yntusken foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

(advertinsje)
(advertinsje)