Treinstaking Arriva op tiisdei giet net troch

07 maaie 2018 - 16:10

De treinstaking fan masinisten en kondukteurs fan Arriva giet tiisdei net troch. Neffens de ferfierder ha de fakbûnen FNV en CNV earder op de dei al witte litten wer mei de wurkjouwers fan Arriva en Keolis om tafel sitte te wollen. Dit oerlis sil nei alle gedachten begjin takom wike wêze.

Yntusken hat it fakbûn VVMC ek tasein dat se by dit oerlis oanskowe sille. De VVMC hie ek de staking foar tiisdei belein, mar dy giet dus net troch.

(advertinsje)