Seehûnesop meitsje mei resept út Arktysk itensiedersboek

Hidde Dirks Kat
Op It Amelân wurdt wurke oan in Arktysk itensiedersboekje. Dat bart nei oanlieding fan it Hidde Dirks Kat-jier. Dat wie in walfiskfarder fan It Amelân. Yn it boekje stean resepten fan ûnder mear seehûnesop en walfiskfleis, wol mei fleisferfangers út ús eigen tiid. Njonken de resepten steane der ek nuveraardichheden yn it boekje, lykas wêrom't iisbearefleis net sûn is foar minsken en oer hoe't de walfiskfarders op Grienlân oan har fitamine C kamen.
It Arctisch Kookboekje wurdt op 26 maaie útbrocht. Yn it lânbou- en juttersmuseum Swartwoude yn Buren set dan ek in tentoanstelling útein mei ferhalen fan froulju fan walfiskfarders en fiskers. Earder ferskynde ûnder oare al it herskreaune deiboek fan Hidde Dirks Kat, it út it Frysk oersette Duivelsdag op Groenland fan Ype Poortinga.