Noch in soad ûndúdlikens oer staking fan Arriva op tiisdei

It sintraal stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Der is noch in soad ûndúdlikheid oer de staking ûnder treinmasinisten fan Arriva dy't foar tiisdei oankundige is. De masinisten fan it fakbûn VVMC fan it stânplak Grins ride tiisdei net. Dat betsjut net dat der hielendal gjin treinen tusken Gins en Fryslân ride. Masinisten fan it stânplak Ljouwert en leden fan de fakbûnen FNV en CNV ride wol.
Fan de masinisten yn Noard-Nederlân binne fierwei de measten lid fan it FNV. It liket der dus op dat de measte treinen wol ride. Ferfierder Arriva hopet yn de rin fan moandeitemiddei mear dúdlikheid jaan te kinnen.