Spilers Cambuur: "We kunnen het niet meer omdraaien"

07 maaie 2018 - 13:23
  • Ard de Graaf fan SC Cambuur
  • Neiprate oer Cambuur yn Fryslân Hjoed

"Diep teleurgesteld. Dat is misschien wel de beste omschrijving van hoe we ons voelen na de pijnlijke nederlaag van afgelopen zaterdag." Sa begjint de reaksje fan de spilers en stêf fan sportklup Cambuur nei it dramatyske ferlies yn de play-offs foar promoasje fan ôfrûne sneon.

De klup hat in statement op har site set, wêryn't de belutsenen harren ferantwurding nimme foar it ferlies. "Het ergste van alles is dat we het niet meer kunnen omdraaien. Het seizoen zit er op en dat doet ons allemaal ongelooflijk veel pijn. Met name voor jullie, de supporters."

"Slechter dan morgen"

Ek kommersjeel direkteur Ard de Graaf is der op moandei noch kapot fan: "Als je ziet wat voor drama zich hier voor Cambuur heeft voltrokken zaterdag, dan komt dat hard binnen, en dat is nog steeds niet weg. Dat gevoel is beter dan gisteren, maar slechter dan morgen."

It ferlies is net allinnich emosjoneel in hurde klap, ek finansjeel skeelt it de Ljouwerters in soad jild. "Dat gaat om een halve ton tot 60.000 euro," fertelt De Graaf, al is it sportive ferlies neffens him in stik wichtiger: "Het gaat met name om prestige voor ons."

Foarút sjen

Neffens De Graaf moat der lykwols ek wer foarút sjoen wurde: "Deze week is het afsluiten, evalueren wat er gebeurd is. Er gaan harde noten gekraakt worden, van kantoor tot staf tot spelers. Het moet uitgesproken worden, en er moet gekeken worden naar hoe dit gebeurd is, en hoe we ervoor kunnen zorgen dat we beter van worden."

Ek yn it statement fan de spilers en stêf klinkt dit lûd troch. "Door naar volgend seizoen, waarin we weer nieuwe kansen en nieuwe mogelijkheden hebben. Deze pijn moet voor iedereen brandstof zijn om volgend jaar nog harder te werken en het beter te doen."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)