Loas brânalaarm Fochtelerfean

19 jun 2012 - 11:23

Yn it Fochtelerfean by De Fochtel is oan 'e ein fan tiisdeitemoarn grut alaarm slein. Der soe in grutte heidebrân wêze yn it natuergebiet, op itselde plak dêr't ferline jier ek in grutte brân wie. Der waarden ferskate brânwachtkorpsen ynset.

Uteinlik die bliken dat nei alle gedachten in net-oanmelde oefening fan definsje op it oefenterrein by Feanhuzen der foar soarge hat dat der in melding fan in grutte brân dien is. By de oefening wie frijwat reekûntwikkeling. Kuierders dy't de reek seagen alarmearren de brânwacht.

Ek boskwachters en meiwurkers fan Natuurmonuminten wiene al nei de brân op syk. De brânwacht stie op skerp fanwege de grutte bosk yn it fean mei de Peaskedagen fan ferline jier. Doe giene tûzenen bisten dea, by in brân op it gebiet fan sa'n 100 bunder. Yn it heechfeangebiet sitte sûnt in pear jier ek nêsten fan de seldsume kraanfûgel.

(advertinsje)