Finale Europa League foar grinsrjochter Erwin Zeinstra

07 maaie 2018 - 12:45

Grinsrjochter Erwin Zeinstra mei opnij in wichtige wedstriid flagje. Hy is ûnderdiel fan it team fan skiedsrjochter Björn Kuipers, dat de lieding hat oer de finale fan de Europa League. Mario Diks fan Ljouwert is reserve assistint. De finale fan de Europa League giet dit seizoen tusken Olympique Marseille en Atlético Madrid. Op 16 maaie wurdt yn it Frânske Lyon spile. Yn 2013 mocht it team fan Björn Kuipers ek alris in finale fan de Europa League liede. 

Grutte poadia

Krektlyn hie it team fan Kuipers noch de lieding oer de heale finale in de Champions League tusken Bayern München en Real Madrid. Ein maart waard al bekend dat de skiedsrjochter en syn fêste assistinten takom simmer ek yn Ruslân aktyf wêze sille op it WK.

(advertinsje)