Wrâldferneamd strjitkeunstner oan de slach yn Ljouwert

07 maaie 2018 - 12:45

De Ljouwerter binnenstêd wurdt fan dizze wike ôf fersierd mei grutte strjittekeningen yn de styl fan M.C. Escher. Yn it ramt fan de tentoanstelling oer M.C. Escher yn it Fries Museum wurde der fjouwer strjittekeningen makke tusken it sintraal stasjon en it Fries Museum. Sa wurde reizgers fan it stasjon yn Escher-styl nei de tentoanstelling yn it Fries Museum laat.

Wrâldferneamd keunstner Leon Keer makket de tekeningen. De strjitkeunst moat nije wike tongersdei 17 maaie klear wêze.

(advertinsje)