Plysje hâldt man mei GHB oan

19 jun 2012 - 11:13

Op It Hearrenfean is moandeitenacht in 31-jierrige ynwenner út Eelde oanholden omdat hy yn it besit wie fan de drug GHB. De plysje krige de melding dat yn de Bolster in man op strjitte njonken in fyts lei.

De man wie net mear oansprekber en hie in flesse mei nei alle gedachten GHB by him. De drug is yn beslach nommen en der is proses-ferbaal opmakke tsjin de man út Eelde.

(advertinsje)