Waadhoeke mist 75.000 euro troch flater

Rioel © ANP
Sa'n tûzen ynwenners fan de nije gemeente Waadhoeke hoege dit jier gjin rioelheffing te beteljen. Dit komt troch in flater yn de feroardering. Foar de minsken dy't it betreft skeelt dit sa'n 75 euro, mar foar de gemeente is it in tsjinfaller fan 75.000 euro. De korreksje is foar brûkers fan beboude perselen dy't gjin wetter ôffiere op de gemeentlike rioelearring. De gemeente past de feroardering foar 2019 oan.