Roemenen oanhâlden yn Snits

19 jun 2012 - 11:03

Twa Roemenen binne moandei oanhâlden yn Snits, omdat se besochten om jild út parkearautomaten te rôvjen. In tsjûge seach dat twa manlju op de Oude Koemarkt oan de automaten sieten te rommeljen. Hy warskôge de plysje.

Dy trof it duo oan. Al gau waard dúdlik dat der gatsjes boarre wiene yn de parkearautomaten. Ek fûn de plysje in tal skroevedraaiers.

(advertinsje)