Socht: fakânsjemeiwurkers foar wensoarchsintrum Saxenoord

By wensoarchsintrum Saxenoord yn Frjentsjer ha se driuwend ferlet fan fakânsjemeiwurkers. As it net slagget om genôch minsken te finen dy't de kommende moannen aktiviteiten dwaan kinne mei de bewenners, kin dit sels gefolgen ha foar de fakânsjes fan de fêste meiwurkers. Dy wurde mooglik ynkoarte. Saxenoord siket dêrom minimaal seis minsken dy't yn de simmer wurkje kinne. Dy soene bygelyks mei bewenners te kuierjen of te fytsen kinne.
Foaroardielen
Neffens teamlieder Magdalena Attema fan soarchgroep Patyna, dêr't Saxenoard ûnder falt, komt it tekoart oan belangstelling mei om't de jongerein foaroardielen oer it wurk hat. As se ien kear yn de kunde kaam binne mei it wurk, sjogge se neffens Attema dat dat net terjochte is en dat it om modieus wurk giet.