Soad fernielings yn Aldskoat

19 jun 2012 - 10:56

De plysje docht ûndersyk nei in grut tal fernielings de ôfrûne wiken yn Aldskoat. Ofrûne wykein waarden ferskate kentekenplaten fan auto's lutsen, fernield en fuortsmiten. Ek waarden de beamkes by it nije multyfunksjonele sintrum út de grûn helle. En op it plein fan it sintrum lei in soad glês.

Earder al is in bankje yn brân stutsen en waarden fernielings dien by it wyksintrum en de tsjerke. De plysje freget minsken om harren te melden as se ynformaasje oer de dieders fan de fernielings jaan kinne.

Trefwurden: 
Aldskoat fernielings
(advertinsje)
(advertinsje)