Auto falt meters nei ûnderen by ûngelok

07 maaie 2018 - 10:42

By in nuver ûngelok yn Ljouwert is moandeitemoarn in frou ferwûne rekke. De frou is mei har auto dwers troch in stek op it parkearterrein fan de Jumbo supermerk oan it Johannes Kolffplein riden. Se kaam dêrnei meters leger op de oprit nei it parkeardek telâne. 

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Der rekke ek noch in twadde auto skansearre, dy is nei alle gedachten rekke troch de auto fan de frou en tsjin it stek botst. Neffens tsjûgen bleau it gas fan de auto hingjen. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte oarsaak fan it ûngelok. 

Trefwurden: 
ûngelok Jumbo Ljouwert
(advertinsje)