Oanhingersalto soarget foar oerlêst op N31 by Ljouwert

07 maaie 2018 - 10:01

In bysûnder ûngelok op de N31 by Ljouwert, moandeitemoarn. In oanhinger kaam hjirby op 'e kop en rjochtop steand efter de auto te stean. De bestjoerder fan in grienbedriuw ried op de N31 mei in karre sân. De oanhinger begûn ynienen te slingerjen en sloech oer de kop. Uteinlik kaam de karre rjochtop ta stilstân. De folsleine lading bedarre hjirby yn de berm. De bestjoerder kaam mei de skrik frij.

De rydbaan is ôfsletten foar ferkear, sadat it sân fan de dyk skept wurde kin en de oanhinger fuortsleept wurde kin.

Trefwurden: 
ûngelok N31 Ljouwert
(advertinsje)