Kuieralvestêdetocht nimt maatregels fanwege de waarmte

07 maaie 2018 - 08:51

Fanwege it waarme waar dat oankundige is, nimt de organisaasje fan de kuieralvestêdetocht maatregels.

De kommende dagen sil der op ferskate plakken by de rûte ekstra drinkplakken ynrjochte wurde. It is de ferwachting dat it tiisdei, op de earste kuierdei 26 graden wurde sil. Ek woansdei stiet dizze hege temperatuer op de planning. De organisaasje ropt de kuierders ek op om har goed ta te rieden op de felle sinne. Sa wurdt oanred om goed te smarren mei sinnebrân, en om de holle te beskermjen mei petten of in hoed. De kuieralvestêdetocht duorret de hele wike, en begjint tiisdeitemoarn betiid yn Ljouwert.

(advertinsje)