Opposysje lulk op kolleezje DS

03 nov 2011 - 08:48

In moasje fan ôfkarring waard it krekt net, mar in soad skeelde it net. De opposysjepartijen yn provinsjale steaten wiene poerlulk op it kolleezje fan deputearre steaten. Yn de foarige steateperioade hie it kolleezje tasein dat yn de steaten noch in iepenbier debat komme soe oer de taken dy't de provinsje yn de takomst útfiere moat. Neidat it hjoeddeiske kolleezje fan PvdA, CDA en FNP oantreden is, is fan dy diskusje neat kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)