Twa jongeren swierferwûne by boatûngelok

07 maaie 2018 - 07:49

Op De Brekken by De Lemmer binne sneintejûn twa jongeren swierferwûne rekke by in boatûngelok. It giet om in 16-jierrich famke út de Noardeastpolder en in 16-jierrige jonge fan De Lemmer. It ûngelok barde om alve oere jûns hinne. De slachtoffers sieten op in rubberboat dy't troch in speedboat oerfearn waard.

In 19-jierrige man fan De Lemmer is oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by it ûngelok. De fertochte wie útnaaid nei it ûngelok, mar koe mei help fan tsjûgen achterhelle wurde.

De slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok, en sjocht ek oft de fertochte ûnder ynfloed wie doe't it ûngelok barde. 

Trefwurden: 
De Brekken De Lemmer
(advertinsje)