Kollum: "Bern, bern, bern"

07 maaie 2018 - 07:25
  • De Toan fan Nynke van der Zee

"Mei dit prachtige waar wie ik dit wykein te kuierjen mei myn nichtsje fan oardel jier. Sûnt in pear wike kin se los rinne en it is geweldich om te sjen hoe't se de wrâld stapke foar stapke ferkent. Ast sa lyts bist is werklik alles watst sjochst nij. Kinst dy net foarstelle hoefolle ympresjes sa'n ukje opdocht op ien dei.

Sa grutsk as in pau rûn ik njonken har. Ik hie oardel jier lyn nea tinke kinnen dat it sa fantastysk wêze soe om muoike te wêzen. Om fan tichtby mei te meitsjen hoe't sa'n lyts famke hieltyd grutter wurdt. Hieltyd mear kin, mear docht en boppedat ek mear wol. Hoe't se ús lûden imitearret, meneuveltsjes neidocht en stadichoan echt in minskje wurdt. Mar om no te sizzen: sa'n ukje, dat wol ik sels ek. No neuh.

Geregeld mei ik foar it tydskrift Heit en Mem fan de Afûk op paad foar in ynterview. Dan sit ik by grutske heiten en memmen oan tafel om harren ferhaal op te skriuwen. En alle kearen wer krij ik oan de ein fan it ynterview de fraach oft ik sels ek bern haw. "Nee, seker net!" rop ik automatysk. Net omdat ik neat oan bern fyn, mar ientsje fan mysels? Ik moat der net oan tinke. En just dat snappe minsken net.

Alle kearen as ik fertel dat ik gjin bern wol, krij ik fuort as fraach: wêrom dan net. Sa'n fraach liket miskien logysk, mar eins is it nuver. Ik haw thús in hynder, mar ik freegje dochs ek net elkenien: 'Hé, hast ek in hynder? Nee? Wêrom net?' Hearst noait in hûnebaaske oan syn buorman freegjen: 'Hasto gjin hûn, jong? Of eeeh... koest se net krije?' Of in fanatike leafhawwer fan koikarpers, dy't op in feestje tsjin elkenien seit: 'Ja, se kostje in fermogen, mar it is it allegearre mear as wurdich. Echt, do móast se ek nimme.'

Mar sa giet dat mei bern wol. Ast gjin bern hast dan is dat nuver. Silst se wol net krije kinne. En ast oanjoust datst se gewoanwei net wolst, dan is dat noch folle aparter. Dan moast wol hiel egoïstysk wêze. Eeeh, of just miskien net? Want sis ris earlik: wêrom hawwe jimme bern naam? Foar de buorlju of foar jimmesels? Mar dat falt net te begripen. Want wa wol der no gjin bern?

No, ikke dus. Yn elk gefal net fan mysels. Fan jongs ôf oan wit ik al dat ik letter gjin mem wurde soe. Dat heart miskien nuver, mar it is echt sa. Fansels boarte ik wol mei poppen, mar doe't ik âlder waard haw ik noait it gefoel hân dat ik letter ek in echte poppe hawwe woe. Dy drang om sa'n lyts wêzentsje yn my te hawwen, dy is der net. Myn aaistokken begjinne net te klepperjen as ik freonen om my hinne sjoch mei berneweinen en maxi cosi's. En nee, ek net no't ik 32 bin. It is gewoan neat foar my.

En dochs krij ik alle kearen as ik dit fertel in net-begripende blik fan de oare kant. 'Echt he? Do wolst gjin bern?' Ik snap ek wol dat de natuer ús makke hat mei de oerdrift om ús fuort te plantsjen, oars wiene we al lang útstjerd. Mar ik doch der net oan mei. Ik fyn bern fantastysk en genietsje fan myn nichtsje en dy twa pré-pubers thús, mar aan mijn lijf geen polonaise.

Goed. Tenei sil ik krekt wat minder fûl 'nee' roppe as my frege wurdt oft ik ek bern haw. As jim dan belove om net fuortendaliks te freegjen wêrom net. En dogge jim it wol, dan bin ik sa bernich om it petear ôf te sluten mei in good old 'Wêrom net? No dêrom net'."

(advertinsje)