Heale finale einstasjon foar Noppert yn Sindelfingen

06 maaie 2018 - 22:08

Darter Danny Noppert is sneintejûn yn de heale finale fan de European Darts Grand Prix yn Dútslân útskeakele. De 27-jierrige Jouster ferlear mei 7-3 fan de Ingelskman James Wade. Foar Noppert wie it begjin fan de wedstriid matich. Wade koe ienfâldich op foarsprong komme en joech dy, nettsjinsteande in goede slotfaze fan de Jouster, net mear ôf.

De heale finale op in European Tour fan it profbûn PDC is de bêste prestaasje fan Noppert oant no ta. Yn de kwartfinale fersloech Danny Noppert tsjinstanner Joe Cullen noch krekt mei 6-5.

Takom tongersdei fynt yn Zwolle yn Nederlân de kwalifikaasje foar de sechde European Tour fan dit jier plak.

Trefwurden: 
darten Danny Noppert
(advertinsje)