Wike fan de wierheid foar 11Fountains

07 maaie 2018 - 06:18

Op trije plakken yn de provinsje wurde moandei de fonteinen fan it 11Fountains projekt pleatst. It giet ûnder oare om de Fontein van Fortuna yn Snits. De pleatsing gie earder mis om't dy fontein te heech boppe it wetter stie.

Yn Boalsert wurdt de Flearmûs teplak set. Dêr binne nochal wat problemen mei de oansluting. Dat hat te krijen mei de archeologyske fynsten dy't dien binne by it pleatsen fan it fûnemint. Ek sil de spuitrjochting fan de fontein bepaald wurde.

Yn Frjentsjer wurdt de Oortwolk teplak set. Dy wurdt dêr brocht yn twa kratten en sil dan oansluten wurde. Yn Hylpen binne de hoarnen pleatst fan de fontein dêr. Letter dizze wike folget noch in beam dy't der tuskenyn komt te stean. Ek hjir wurdt besjoen wat de bêste spuitrjochting is.

Harns

Takom wike moandei wurde noch in pear fonteinen teplak set. Dat is neffens Hulsman wol spannend: "De walvis in Harlingen moet over het water naar z'n locatie. Het is ook lastig om de walvis klaar te maken. Het is bijvoorbeeld lastig om met staal en polyester tegelijk te werken. Dat is passen en meten."

Drylts

Ek yn Drylts wurdt noch hurd wurke. Dêr moatte de blommen dy't op de fontein komme, oer it wetter teplak brocht wurde. "Dat is ook nog wel een logistieke operatie", seit Hulsman. Dochs rint alles noch op skema: "Er is geen enkel signaal dat het allemaal niet gaat lukken."

Dokkum letter klear

De fonteinen moatte foar 18 maaie klear wêze. Dan wurde 10 fan de 11 offisjeel yn gebrûk naam. Allinnich dy fan Dokkum, de iisfontein, folget letter.

Trefwurden: 
11Fountains LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)