Organisaasje LF2018 nimt fleanfjild Skiphol foar ien dei oer

06 maaie 2018 - 21:28

Op lofthaven Schiphol hat de organisaasje fan LF2018 reizgers yn de kunde brocht mei it oanbod fan Kulturele Haadsted. Op guon plakken yn de ûntfangst- en fetrekhal wiene acts fan Kulturele Haadstêd te finen. Sa koe mei koptelefoans harke wurde nei in konsert fan it Trio Tremko. Dy spylje op it Oranjewoud-festival in bisûnder konsert dat allinnich ûnder wetter te hearen is. Ek run it Broken Brass Ensemble rûn op Schiphol om in feestje te bouwen.

Positive reaksjes

Neffens Jort Klarenbeek fan LF2018 wiene de reaksjes oer it gehiel sjoen posityf:" Er waren mensen die aankwamen voor een vakantie en vroegen hoe ver Leeuwarden eigenlijk rijden is. En of dat dan wel past in de tijd die ze hier doorbrengen." Ek waard in soad frege nei aktiviteiten yn de simmerfakânsje. "Als ze nog moeten kiezen, dan weten ze in ieder geval wat er in Fryslân te beleven is", seit Klarenbeek.

(advertinsje)
(advertinsje)