CDA, CU en GB yn nije koälysje Achtkarspelen

06 maaie 2018 - 19:49

De gemeente Achtkarspelen krijt in koälysje fan CDA, GemeenteBelangen en ChristenUnie. Dizze partijen ha mei-elkoar 12 fan de 21 sitten yn de gemeenteried. Neffens de ûnderhannelers fan de partijen is der gjin needsaak foar in fjirde partij yn de koälysje. Ien en oar betsjut dat de PvdA, dy't by de ôfrûne gemeenteriedsferkiezingen ien sit ferlear, definityf út it kolleezje ferdwynt. Ek de FNP falt bûten de boat.

It CDA wie de winner fan de ferkiezingen yn Achtkarspelen. De FNP wie de grutste, mar is no de twadde partij yn dy gemeente.

Ynformateur Joop Atsma ferwachtet dat it kolleezjeprogramma yn de rin fan dizze moanne oan de gemeenteried foarlein wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)