Himpkwekerij Ljouwert oprôle

19 jun 2012 - 10:33

De plysje yn Ljouwert hat moandeitejûn oan de Gerbrandywei in himpkwekerij mei rom 220 planten oprôle. De himpkwekerij siet op de boppeste etaazje fan in flat. Doe't de plysje der yn gie wiene der gjin minsken oanwêzich.

Fan it nutsbedriuw krige de plysje in melding fan in stroomsteuring en in brângefaarlike situaasje. De planten en de apparatuer binne yn beslach nommen. De plysje docht fierder ûndersyk yn de saak en slút net út dat der letter noch minsken oanhâlden wurde kinne.

(advertinsje)