Streppel oer beheljen play-offs: "Doelstelling gehaald"

06 maaie 2018 - 18:48

"Ik heb gemengde gevoelens over deze wedstrijd. Vandaag hebben we verloren. Maar uiteindelijk hebben we de play-offs gehaald. Dat was onze doelstelling dit seizoen, en die hebben we gehaald", seit Hearrenfean-trainer Jurgen Streppel nei ôfrin fan it 3-2 ferlies tsjin Feyenoord. "We gaan nu met een positief gevoel richting de play-offs. Niet op basis van de eerste helft. Maar wel op basis van de tweede helft."

Streppel is wol foldien mei it achtste plak yn de earedifyzje, dêr't Hearrenfean op einige is nei de reguliere kompetysje. "We staan waar we staan. Dat had volgens mij niet heel veel hoger op lager gekund. We hadden vandaag zesde kunnen worden, maar ook negende. Zo dichtbij staat het bijelkaar."

Dumfries spiler fan it jier

Ferdigener Denzel Dumfries waard nei ôfrin fan de wedstriid útroppen ta spiler fan it jier fan SC Hearrenfean. "Ik ben hier heel blij mee. Het is een mooie bekroning op mijn seizoen. En het is ook mooi dat het in mijn eerste seizoen gebeurt", seit Dumfries.

Lêste seizoen?

Dumfries jout oan dat der ynteresse fan oare klups is foar him. Mooglik binne de play-offs dus syn lêste wedstriden yn it shirt fan Hearrenfean. Hy wol net oanjaan hokker klups dit binne: "Voor mij ligt de focus nu eerst op de play-offs. Dat is voor nu het allerbelangrijkst. Het worden keiharde wedstrijden, waar ik veel zin in heb. Dus daar gaan we ons nu op richten."

SC Hearrenfean spilet kommende woansdei yn eigen hûs de earste play-off wedstriid tsjin FC Utrecht. De return is op sneon 12 maaie yn Utrecht.

(advertinsje)
(advertinsje)