Steuring yn brêge Burgum; slachbomen bliuwe omleech

06 maaie 2018 - 18:17

De slachbomen fan de brêge yn Burgum wurkje net. Ferkear kin dêrtroch net oer de brêge. De steuring ûntstie sneintemiddei neidat de brêge iepengie foar in boat. De brêge gie dêrnei wol wer omleech, mar de slachbomen giene net mear omheech.

Freed wie der ek al in steuring oan de slachbomen fan deselde brêge. In monteur hat it probleem doe ferholpen, mar no is der dus opnij in steuring.

It is noch net dúdlik wat it probleem feroarsaket en hoe lang't de brêge net oer te stekken is. Ferkear wurdt omlaat.

Trefwurden: 
Burgum slachbomen brêge
(advertinsje)