UPDATE: File op de A7 by Terwispel is wer foarby

06 maaie 2018 - 17:59

De lange file op de A7 tusken Tsjalbert en Beetstersweach is foarby. Sneintemiddei stie dêr in kilometerslange file troch in ûngelok. Twa auto's botsten troch noch ûnbekende oarsaak opelkoar. Der waard ek in ambulânse oproppen foar it ûngelok. It is noch net bekend oft der minsken ferwûne rekke binne.

Trefwurden: 
A7 ûngelok file fertraging
(advertinsje)
(advertinsje)