Partoer Menno van Zwieten wint earste frije formaasjepartij

De earste frije formaasjepartij fan dit seizoen brocht snein yn Frjentsjer in oerwinning foar it partoer fan Menno van Zwieten, Alle Jan Anema (de keatser dy't ynfoel foar de blessearre Hijlke Bruinsma) en Erwin Zijlstra. Se wûnen yn in spannende finale mei 5-5 6-2 fan it trio Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden. It ferliezende trio hie yn de earste omloop ferrassend wûn mei 5-2 6-2 fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra.
De tredde priis wie foar Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Sy ferlearen yn de heale finale mei 5-4 6-2 fan de lettere winners.
Efterynse Erwin Zijlstra út Easterlittens waard útroppen ta kening fan de partij.