Noppert mei stunt nei kwartfinale yn Sindelfingen

06 maaie 2018 - 17:04

Danny Noppert fan De Jouwer hat sneintemiddei yn it Dútske Sindelfingen de kwartfinales fan de European Darts Grand Prix berikt. De Jouster darter wûn yn in kreaker mei 6-5 fan Peter Wright, de nûmer twa fan de wrâld. Noppert kaam mei 3-1 foar yn de partij, mar seach syn tsjinstanner op in 5-4 foarsprong komme. Yn in beslissende leg miste Wright 62 en smiet de 27-jierrige Noppert 64 út foar de winst.

It is de earste kwartfinale foar Noppert op de European Tour fan de PDC. Sneintejûn wurde de restearjende wedstriden fan it toernoai ôfwurke. Danny Noppert spilet yn syn kwartfinale tsjin Joe Cullen.

Trefwurden: 
darten Danny Noppert
(advertinsje)
(advertinsje)