Hearrenfean ferliest fan Feyenoord; berikt dochs play-offs

06 maaie 2018 - 16:20

Sportklup Hearrenfean hat de play-offs om Europeesk fuotbal berikt. De ploech fan trainer Jurgen Streppel ferlear snein yn it Abe Lenstra Stadion de lêste reguliere kompetysjewedstriid fan it seizoen mei 3-2 fan Feyenoord. Nettsjinsteande it ferlies, einigje de Feansters yn de top acht fan de earedifyzje en is in plak yn de play-offs in feit.

Feyenoord begûn sterk oan de wedstriid, hie mear balbesit en kaam nei tsien minuten op foarsprong troch in goal fan Steven Berghuis. De Feyenoorder bleau ek dêrnei gefaarlik en makke krekt foar it skoft syn twadde fan de dei.

Knotsgekke slotfaze

Yn de twadde helte kaam Hearrenfean goed werom yn de wedstriid. Nei ferskate kânsen oer en wer, wie it Jordy Bruijn dy't yn de 78e minút de oanslutingstreffer makke en in minút letter makke Feyenoorder Jan-Arie van der Heijden in eigen goal: 2-2.

Der like in stunt yn de maak doe't Hearrenfean inkelde minuten letter ek noch in penalty takend krige om't Bruijn ûnderút helle waard. Arber Zeneli skeat lykwols min yn, wêrnei't Feyenoord-keeper Justin Bijlow de bal kearde.

De wedstriid waard krekt foar it einsinjaal beslist troch âld-Hearrenfeanspiler Bilal Basacikoglu, dy't de 3-2 binnenknalde efter keeper Martin Hansen.

FC Utrecht

SC Hearrenfean spilet kommende woansdei thús de earste play-off wedstriid tsjin FC Utrecht, dat 5e waard yn de kompetysje. De return is op sneon 12 maaie yn Utrecht.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)