Plysjefrou ferwûne troch stiennesmiter nei ôfrin fan Cambuur

06 maaie 2018 - 14:22

Nei ôfrin fan de wedstriid SC Cambuur - FC Dordrecht hat it sneontejûn eefkes ûnrêstich west by it stadion. Ien plysjefrou op in hynder rekke dêrby licht ferwûne oan har foet. Se waard rekke troch stiennen dy't nei de plysje smiten waarden. Dat barde yn de omkriten fan de Coopmansstrjitte. Dêr stienen de supportersbussen fan FC Dordrecht.

Under begelieding fan de ME binne de supporters nei de bussen brocht. Oant no ta is noch net ien oanhâlden. Al is de man dy't mei de stiennen oan it smiten wie, werkend op bylden. De plysje slút dan ek net út dat noch ien oanhâlden wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)