Hantekens sammelje tsjin útsetting fan Afganen

De aksjes tsjin it weromstjoeren fan Afganen nei harren thúslân bliuwe de kommende tiid yn Fryslân folop trochgean. Doel is om safolle mooglik hantekens te sammeljen tsjin it útsetbelied fan Afgaanske húshâldingen, mar ek allinnichgeande flechtlingen út dat lân. Op Befrijingsdei yn Ljouwert is al op ferskate plakken de mooglikheid jûn om de petysje te tekenjen. Ek by it strjitfestival op 26 en 27 maaie sille frijwilligers aksjefiere foar de Afganen.
Kobe Flapper is ien fan de aksjefierders. Se makket har lilk oer it útsetbelied fan Nederlân en seit dat it folslein net feilich is foar de flechtlingen om werom te gean.
Sels hie se kontakt mei in famylje dy't weromstjoerd is. Sûnt koart krijt se gjin inkeld nijs mear fan de famylje en makket har grutte soargen oer harren sitewaasje. It útsetbelied fan Nederlân is basearre op in amtsberjocht út maaie 2016. Dizze moanne wurdt in nij amtsberjocht ferwachte. Wat dat oanjaan sil, is noch net dúdlik.