Lutz Jacobi: "Waadferiening wer grut op de kaart krije"

06 maaie 2018 - 13:37

Se wie Twadde Keamerlid en is noch altyd polityk aktyf as fraksjefoarsitter yn Ljouwert fan de PvdA. En sûnt dizze wike direkteur fan de Waadferiening: Lutz Jacobi fan Wergea. Se wol de ferbiner wêze tusken de ferskate organisaasjes dy't harren dwaande hâlde mei de belangen fan it Wrâlderfgoedgebiet en de Waadferiening wer grut op de kaart krije. Jacobi wol dat oer in skoft yn alle wenkeamers de Waadferiening bekend is en der ek oer praat wurdt.

Gaswinning moat ophâlde

It útputten fan de boaiem fan de Waadsee moat sa gau as mooglik dien wêze. Delfstoffewinning lykas sâlt en gas is net mear fan dizze tiid. Ek al is it juridysk fêstlein, gas- en sâltwinning moat echt ophâlde seit de nije direkteur.

Op 2 juny is yn Harns in grutte demonstraasje tsjin de winning fan gas. Lutz Jacobi sil dêr wis sprekke. Se fynt it tige wichtich dat minsken yn beweging komme foar in duorsumer belied. Ek fan grut belang fynt se de Waadkonferinsje fan Waadlannen op 16, 17 en 18 maaie yn Ljouwert. Ministers fan Denemarken, Dútslân en Nederlân komme dan by mekoar om te praten oer de takomst fan it Waad.

Kado

Jacobi fynt it suver in kado dat it yn Fryslân hâlden wurdt. Se sil op de konferinsje ek sprekke. De takomst fan it Waad is fan grut belang foar ús allegear. "We moatte sunich wêze op it Waad". En "ivich stride" foar it behâld en ferbetterjen fan de ekology fan it Waad, binne de wurden fan de nije direkteur.

Der is in soad wurk te dwaan, mar Jacobi tinkt dat de kombinaasje mei har fraksjeliederskip fan de PvdA yn de gemeente Ljouwert gjin probleem is.

Trefwurden: 
Lutz Jacobi Waadferiening
(advertinsje)
(advertinsje)