Ljouwerter bedriget befeiligers yn Befrijingsnacht

© ANP XTRA
Op it Ljouwerter Mata Hariplein krige de plysje yn de nacht nei Befrijingsdei in melding dat in man de befeiliging bedrige. Hy waard dêrop oansprutsen en wie dúdlik ûnder ynfloed. Hy krige in proses-ferbaal foar iepenbiere dronkenskip en moast fuortgean. De man, in 52-jierrige Ljouwerter waard letter wer oantroffen en oansprutsen. Hy waard lilk en stroffele tsjin fytsen oan dy't omfoelen. Hy waard oanhâlden en krige ek noch in proses-ferbaal foar baldiedigens.
Yn de Oude Doelesteeg hat de plysje yn de nacht nei Befrijingsdei yn Ljouwert in man oanhâlden. Hy die hiel ferfelend tsjin portiers, omstanners en ek de plysje. In warskôging holp net. Hy krige in proses-ferbaal foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder.